Ekstra konsert Strawelte

De Fryske willepunkband Strawelte jout in ekstra reunykonsert. Neist de trije konserten dy´t al pland wiene komt der no ek in fjirde konsert yn it Drachtster poppoadium Iduna.
Omdat de kaartferkeap sa rap gie en op de swarte merk de kaarten foar hûnderten euro´s oanbean waarden, is der besletten om in ekstra konsert te plannen. ´En dan is it ek klear en hat it moai west´, neffens de manlju fan Strawelte.