Kiosk neffens Italjaans model

de kiosk komt yn Harns
Oan de Foarstreek yn Harns is woansdei begûn mei de bou fan in jitizeren kiosk. It gebou wurdt brûkt as blomme-ferkeappunt. De kiosk is makke neffens in model dat ek yn de strjitten fan New York te finen is. De kiosk wurdt pleatst troch in Italjaansk bedriuw.
De blommekeapman hannelet no noch út in âld SRV-wein wei. Freed moat de kiosk hielendal klear wêze.