Frysk materiaal foar logopedy

Bern kinne no yn memmetaal holpen wurde
Jonge Frysktalige bern mei in efterstân yn dy taal kinne tenei folle better holpen wurde. Dizze wike wurdt yn Ljouwert nij materiaal foar logopedisten presintearre. It is foar it earst dat soks der yn it Frysk is.
Troch de memmetaal te brûken kinne bern better har taalfeardigens oefenje. Undersikers fan de Fryske Akademy ha jierren wurke oan de ûntwikkeling fan it nije taalynstrumint.