Tony Adams by Portsmouth

It logo fan Portsmouth FC
Portsmouth, tsjinstanner fan de Sportclub Hearrenfean yn it UEFA Cup toernoai, hat in nije coach. De 42-jierrige Tony Adams is de opfolger fan Harry Redknapp, dy't it ôfrûne wykein de oerstap makke nei Tottenham Hotspur.
Adams wie sûnt 2006 al assistint by 'Pompey'. Hy spile njoggentjin seizoenen foar Arsenal en kaam 66 kear út foar Ingelân. Portsmouth en Hearrenfean spylje op 17 desimber yn Fratton Park.