90.000 euro foar Kunsthuis Syb

Kunsthuis_Syb yn Beetstersweach krijt de kommende trije jier in bedrach fan 90.000 euro fan de Mondriaan_Stichting. Dat is juster bekend wurden.
Der waard dit jier foar 8 miljoen euro oanfrege by de Mondriaan Stichting wylst der in lytse twa miljoen euro te ferjaan wie. Stina van der Ploeg fan Kunsthuis Syb jout dan ek oan hiel bliid mei it jild foar de programmearring fan byldzjende keunst.