Skoalle Frjentsjer yn finale

© Omrop Fryslân
De Anna Maria van Schurman-skoalle yn Frjentsjer stiet yn de finale fan de technyk- en keunstwedstryd 'Imagine your future in Arcadia'. Learlingen fan klasse 2 fan de havo of it vwo hawwe foar dy wedstryd plannen betocht om problemen op it mêd fan ferkear, wetter en miljeu op te lossen.
Ien fan de plannen dy't de learlingen fan de skoalle betocht hawwe, is in kas yn de foarm fan in reuzerêd, om romte te besparjen. Der dogge noch alve oare skoallen mei.