Botsing sûnder rydbewiis

In jonge frou út Ljouwert sûnder rydbewiis hat snein foar in oanriding soarge yn har wenplak. Op de Oostergowei rekke se de kontrôle oer har auto kwyt en skeat oer de middenberm.
Op de oare helte fan de dyk botste se op de auto fan in 52-jierrige frou út Ljouwert. Dy rekke ferwûne. De 20-jierrige automobiliste rekke mei de auto yn de feart.