Snits wint, De Jouwer ferliest

© Omrop Fryslân
Haadklasser Snits Wyt Swart hat sneintemiddei op eigen fjild mei 4-1 wûn fan WSV út Apeldoorn. Harvey Bischop makke it earste doelpunt foar Snits. Age Hains Boersma naam de twadde en tredde goal foar syn rekken en Klaas Schotanus soarge foar de 4-0. Yn de lêste minút wist WSV der noch 4-1 fan te meitsjen.
De Jouwer ferlear mei 4-0 fan WKE yn Emmen. De ploech wie net hielendal kânsleas yn dizze wedstriid, mar wist net te skoaren.