Jonge (14) út Stiens ferwûne

In 14-jierrige jonge út Stiens is freed ferwûne rekke nei in oanriding mei in auto. In 62-jierrige automobilist út Stiens ferliende gjin foarrang oan de fytser doe't er fan de Truerderdyk it Noarderfjild oerstekke soe.
De jonge op de fyts foel en is mei rêchklachten oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.