Ynterieur kafee Snits fernield

© Omrop Fryslân
Trije manlju ha yn de nacht nei sneon yn in kafee oan de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits it ynterieur fernield en twa manlju yninoar slein. De twa Snitsers ha oanjefte dien fan mishanneling.
Yn it kafee sloegen de trije in rút, in doar en meubilêr stikken. Nei in tip fan de eigner fan it kafee koe de plysje de groep, in Grouster (33), in man út Wynjewâld (20) en in Drachtster (20), oanhâlde foar iepenlike geweldpleging.