SP: 'Mear psychiaters opliede'

© Omrop Fryslân
De Socialistische Partij wol dat minister Klink fan Folkssûnens mear studinten talit op de oplieding genêskunde. De partij seit dat yn in reaksje op it sluten fan de GGZ-klinyk yn Snits.
Dy giet ticht omdat der te min psychiaters binne. Troch mear studinten op de oplieding genêskunde ta te litten, tinkt de SP dat probleem ferhelpe te kinnen. Ek moatte der mear opliedingsplakken foar psychiaters komme, sa fynt de partij.