Fjirde winst op rige Cambuur

Byld fan de wedstriid: de earste goal
Cambuur hat freedtejûn mei 2-1 wûn fan RBC Roosendaal. Yn Roosendaal helle Cambuur de fjirde oerwinning efterinoar. Al yn de 8ste minút sette Nassir Maachi de Ljouwerters op foarsprong, mar yn de 88ste minút kaam RBC troch Melvin de Leeuw op likense hichte.
Yn blessueretiid wist Rudy Jansen de oerwinning foar Cambuur feilich te stellen. Dit wie de earste wedstriid fan de tredde perioade. Cambuur stiet no op in dield fjirde plak.