Grou: joyride mei frachtauto

© Omrop Fryslân
Unbekenden hawwe tongersdeitenacht oan it joyriden west mei in frachtauto fan in bedriuw út Grou. In meiwurker ûntduts freedtemoarn dat de auto fuort wie. Dy waard koart dêrnei weromfûn op in carpoolplak oan de Stationswei yn Grou. De joyriders koene de auto meinimme troch it slot fan it stek fan it bedriuw stikken te meitsjen.
De frachtauto waard weromfûn mei in stikkene stjoerkolom. Is it net bekend oft der noch mear skea is.