Oar plak freedsmerk útsteld

Oar plak freedsmerk wurdt letter bepraat
De ferpleatsing fan de freedsmerk yn Ljouwert fan it Saailân nei de Nijstêd wurdt útsteld. De winkellju fan de Nijstêd wolle de merk net foar de doar ha om't se benaud binne foar ferlies fan omset. Der is drige mei in koart pleit.
De partijen ha ôfpraat it ferpleatsen fan de merk oer de jierwiksel hinne te tillen. Sa is der mear tiid om oer it probleem te praten. De keaplju fan de freedsmerk binne net bliid mei it útstel fan de ferpleatsing fan de merk.