Bernemishanneling faak mist

Bernemishanneling wurdt faak mist
De earste help-ôfdielings fan sikehûzen sjogge bernemishanneling te faak oer de holle. En de Fryske sikehûzen dogge dat oer it algemien net better of minder as it lanlik gemiddelde. Dat konkludearret de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch.
Neffens de ynspeksje wurdt 5 oant 10%fan de ferwûnings by bern dy't op de earste help binnenkomme, feroarsake troch bernemishanneling. Dat wurdt te faak net sjoen. Dêrom moatte de sikehûzen maatregels nimme.