Akkoart fakbûn en Glaverbel

© Omrop Fryslân
It fakbûn FNV-Bondgenoten en glêsfabrikant Glaverbel yn Easterwâlde binne it iens wurden oer in nije CAO. Se hawwe woansdei in prinsipe-akkoart sletten.
Grutte stroffelstien wie it fleksibel wurkjen sûnder ekstra fergoeding. Wurknimmers woene dat net en dat is no fan tafel. Earder gong Glaverbel akkoart mei in leansferheging fan 3,5%. It fakbûn FNV-Bondgenoten is bliid mei it akkoart.