Arjan Stroetinga wer de rapste

Arjan_Stroetinga fan Waskemar wie woansdeitejûn op de nije iisbaan fan Enschede yn de sechsde maraton fan dit seizoen wer ris de rapste. Hy fersloech yn de massasprint syn ploechmaat Bob_de_Vries fan De_Haule. Karlo_Timmerman wie de tredde rider op it poadium.
Foar Stroetinga wie it de tredde oerwinning fan it seizoen. Troch de winst fergrutte er syn foarsprong yn it algemien klassemint. Dêryn stiet Timmerman twadde en Bob de Vries tredde.