Rust na Arbeid wint Strontrace

Rudolf Le Poole mei de 'Rust na Arbeid' hat foar de 4e kear op rige de Strontrace wûn. Hy kaam likernôch 11.15 oere oan yn de haven fan Warkum. Age Veltboom mei de 'Swanneblom' kaam flak achter Le Poole as 2e oer de einstreek.
Veltboom wie as 1e yn Warmond, mar yn in nek-oan-nek race mei Le Poole moast er it toch ôflizze. De 'Ulbe Zwaga' leit op koers foar it 3e plak, de oare 7 skippen lizze fier achter.