Keizers fierder mei Cannock

It bedriuw Keizers, dat earder ûnderdiel wie fan de Kooyenga groep út Dokkum, is oernommen troch Cannock Chase. It bedriuw hâldt him dwaande mei beliedsadvisearring en ynterim-managemint. Se wurkje benammen foar gemeenten, provinsje en maatskiplike ynstellings.
By Keizers wurken goed 90 minsken, nei de gearfoeging komt it tal wurknimmers op sa'n 450.