Fergees by training AC Milan

Ronaldinho fergees te sjen
AC_Milan, tongersdei de tsjinstanner fan sc_Hearrenfean yn it UEFA Cup toernoai, hat der neat op tsjin dat it publyk woansdei by de training yn it Abe_Lenstra_Stadion op de tribune sit.
Dat betsjut dat minsken dy´t gjin kaartsje krije koene foar de wedstriid dochs noch de grutte fuotbalstjerren yn aksje sjen kinne. Kaká, Ronaldinho, Paolo_Maldini, Clarence_Seedorf en al dy oare grutte fuotballers begjinne om healwei sânen jûns mei de training. It stadion giet om 18.00 iepen.