Bloedbank siket donors

Bloedbank Sanquin yn Ljouwert hat hûnderten ekstra donors nedich. Gewoanwei moatte alle jierren sa'n 500 nije minsken bloed jaan. Dit jier moatte der lykwols 400 ekstra by, omdat Fryslân mear operaasjes dwaan mei. Der is dêrom ek in ekstra fraach nei bloed.
Net elkenien hat noch in brief krigen, mar úteinlik sil hiel Ljouwert in oprop krije. De bloedbank hopet op 900 nije donors foar takom jier.