Gytsjerk hat lekkerste patat

Snackpoint De Canterlanden yn Gytsjerk hat foar de twadde kear de lekkerste patat fan Fryslân. Dat docht bliken út de Cafetaria Top 100 fan de fakkrante De Snackkoerier. De Brasserie stiet op 'e nij op it 19de plak. Ferline jier wie dit ek al it gefal.
De sjuery hat foaral sjoen nei saken as priis en kwaliteit, hygiëne, de betsjinning en de ynrjochting fan de saak. Mar de smaak fan it iten spile fansels de wichtichste rol.