Oanpak rallyfiskerij nedich

© Omrop Fryslân
It miljeuteam fan de plysje begjint mei faasje mei de oanpak fan rallyfiskerij. It team miende de rallyfiskerij aardich de kop yndrukt te hawwen mei eardere kampanjes tsjin dizze foarm fan sportfiskjen.
By in kontrôle dit wykein waarden lykwols in grut tal rallyfiskers betrape mei grutte oantallen -faak libbene- fisken yn in plastik tas. Dêrom wurde de kontrôles no oanskerpe.