Himpkwekerij yn Sint Nyk

Yn in leechsteand gebou op it yndustryterrein fan Sint Nyk hat de plysje sneontemiddei in himpkwekerij oprôle. 850 planten en kweekmaterialen binne ferneatige. Der wie op it momint fan de ynfal net ien oanwêzich.
De plysje siket noch ût wa't de eigner fan de kwekerij is. De plysje wie tipt oer de himpteelt.