Wer ferlies Hajé Flyers

De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha ek de twadde wedstriid fan dit wykein ferlern. Op it eigen iis fan Thialf wiene de Amstel Tijgers fan Amsterdam mei 4-2 te sterk. De perioadestannen: 0-1, 2-0 en 0-3.
Coach Chris Eimers wie nei it ferlies tsjin Amsterdam better op 't skik as sneontejûn doe't syn ploech tsjin Utrecht mei 8-6 ûnderút gong. Doe wie it spul fan syn ploech 'dramatysk', no hiene de Flyers mei in bytsje mear gelok de koprinner ferslaan kinnen.