Ljouwerter swaait mei mes

In 18-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht nei snein oanholden troch de plysje op fertinking fan bedriging. De plysje krige om 02.00 oere hinne de melding dat der by de Amelandsdwinger in man stie te driigjen en swaaien mei in mes.
De plysje hat op dat plak socht nei de fertochte. Troch tsjûgeferklearrings en in dúdlik sinjalemint koe de Ljouwerter oanholden wurde en oerbrocht wurde nei it plysjeburo.