Weening 21e yn Lombardije

Pieter Weening (foto: Martin de Jong)
Sneon waard it hurdfytsseizoen tradisjoneel ôfsletten mei de Ronde fan Lombardije. Damiano Cunego makke syn favoriterol wier en kaam as winner oer de streek nei in moaie solo.
Yn de efterfolgjende groep sieten twa Nederlanners: Pieter Weening fan De Harkema en Karsten Kroon. Kroon waard fyfde. Weening kaam as 21e binnen. Mei dizze lêste klassiker kaam der in ein oan in lang en rûzich hurdfytsseizoen.