Ljouwerters mishannelje fytser

© Omrop Fryslân
De plysje yn Grins hat sneontemoarn betiid fjouwer Ljouwerters oppakt foar mishanneling. Dêrby koe de plysje gebrûk meitsje fan kamerabylden. Dêrop wie te sjen dat de Ljouwerters sûnder oanlieding op in fytser ynsloegen.
It giet om trije manlju fan 18, 19 en 20 jier en in 23-jierrige frou út Ljouwert. It slachtoffer wie in 25-jierrige ynwenner fan Grins. Hy waard ûnder oare tsjin de holle skopt. De Ljouwerters fan 19 en 20 jier sitte noch fêst, de oare twa binne wer frij.