Mear minsken by miljeustrjitte

© Omrop Fryslân
De fernijde miljeustrjitte yn Easterwâlde hat sûnt ein july al sântûzen besikers hân. Dat is in gemiddelde fan 625 yn 'e wike. Earder lei dat gemiddelde op 585 besikers.
De boargers kinne harren grou smoargens kwyt yn 24 ferskate konteners. Ek is der in spesjaal gebou foar lyts gemysk ôffal. Troch de útwreiding fan it oantal konteners tinkt de gemeente Eaststellingwerf dat it ôffal noch better skieden wurdt.