'Praat mar Frysk' grut sukses

It gefoel foar it Frysk is positiver wurden. Dat is te tankjen oan de Praat mar Frysk-kampanje. Freed waard de ôftraap jûn foar 'Praat mar Frysk' yn Dantumadiel. Ferskate bekende ynwenners en âld-ynwenners, lykas Griet Wiersma en Syb van der Ploeg, giene even werom nei har âlde basisskoalle om dêr in optreden te jaan. Yn it Frysk fansels.
De kampanje om it Frysk te stimulearjen is no hast in jier dwaande en oeral in grut sukses.