Apperloo leit funksje del

Apperloo bliuwt wol yn de fraksje
De weryndielingsdiskusje hat syn earste politike slachtoffer easke. Fraksjefoarsitter Johan Apperloo fan it CDA yn Gaasterlân-Sleat hat syn funksje dellein. Hy achtet himsels net mear betrouber, no't syn fraksje fan 'e wike ferdield stimde oer de weryndieling.
Guon CDA-ers binne foar in fúzje mei Skarsterlân en Lemsterlân. Apperloo sels is foarstanner fan in fúzje mei de oare Súdwesthoekegemeenten. Apperloo bliuwt wol fraksjelid.