Te min effekt deade-hoekspegel

De deadehoekspegel hat net holpen
De sjauffeursferiening Fryslân is fernuver oer it berjocht dat de deade hoeke spegel foar frachtweinen net genôch helpt. De feriening ropt dat nammentlik al jierren. Tongersdei waard bekend makke dat it tal slachtoffers fan deade hoeke ûngelokken nei de ynfiering fan de spesjale spegel yn 2003 net minder wurden is.
Dêrom wurdt der no pleite foar in nije spegel oan de foarkant en foar ekstra foarljochting foar fytsers.