CWI-kantoar Frjentsjer ticht

Gjin gefolgen foar personiel
It kantoar fan it CWI yn Frjentsjer giet binnen twa jier ticht. It kantoar is dêrmei ien fan de 30 kantoaren dy't sletten wurdt. It sluten fan de kantoaren is it gefolch fan in besuniging dy't it ryk oplein hat.
It CWI en de útkearingsynstânsje UWV sille mei yngong fan 2009 fusearje en se krije dan folle minder jild fan it ryk. De sluting hat gjin gefolgen foar it personiel, sy wurde oerpleatst nei oare festigingen.