Soargen skoalle Goaiïngaryp

Lytse basisskoallen krije trije jier ekstra tiid om bern te finen. Dat hat steatssekretaris Dijksma besletten. In skoalle moat 23 learlingen ha om iepen te bliuwen. Benammen op it plattelân slagget dat faak net.
Sa moast de skoalle fan Wyns ticht en waard it Slúske yn Goaiïngaryp twongen te fusearjen mei in Jouster skoalle. It Slúske kaam yn opstân en skeakele de Twadde Keamer yn om selsstannich bestean te bliuwen.