Utstel ferdûbeling slús Starum

Starumer slús wichtich foar toeristen
De provinsje hat mear tiid nedich om ta in ferdûbeling fan de slús yn Starum te kommen. De lêste berekkenings toane dat soks 29 miljoen euro kostet en dat is 17 miljoen euro mear as yn earste oanset rûsd wie.
It kolleezje fan deputearre steaten fynt it net akseptabel om der safolle ekstra jild yn te stekken. Dus wurdt it programma fan easken foar de slúsferdûbeling nochris tsjin it ljocht hâlden en dat kostet ekstra tiid.