Stroetinga bliuwt lieder

Arjan Stroetinga (foto Martin de Jong)
Maratonreedrider Arjan Stroetinga fan Waskemar is ek nei de fjirde wedstriid om de KNSB-Kup noch lieder yn it algemien klassemint. Stroetinga waard woansdeitejûn op it keunstiis fan Assen fjirde troch de sprint fan it peloton te winnen.
De maraton waard wûn troch Ingmar Berga fan Hoogeveen. Hy wie de bêste fan in kopgroep fan trije. Ralf Zwitser en Yoeri Lissenberg waarden twadde en tredde. De trije reedriders hiene it peloton op ien ronde setten.