Deetman ûndersiket plysjejild

© Omrop Fryslân
Ald-minister Wim Deetman wurdt foarsitter fan de kommisje dy't de oerskrieding fan 69 miljoen op de bou fan plysjeburo's yn Fryslân ûndersykje sil. Dat hat it Regionaal Kolleezje mei dêryn alle 31 boargemasters woansdeitejûn besletten.
Ien fan de fragen fan de ûnôfhinklike kommisje sil wêze wa't no ferantwurdlik steld wurde kin foar it debâkle. Deetman wie neist minister ek foarsitter fan de Twadde Keamer en boargemaster fan Den Haach.