Gjin legionella yn Hege Fonnen

Gjin legionella mear yn De Hege Fonnen
De_Hege_Fonnen op De Lemmer is wer frij fan legionella. De dûsjes ha in moanne bûten gebrûk west. De baktearje dy't fûn wie, is fan in net-skealike soarte en der binne ek gjin minsken siik wurden.
Der is gjin oarsaak fan de besmetting yn it sport- en kultuersintrum. De gemeente tinkt dat troch wurksumheden oan de sanitêre romten in tal liedings in skoftke net spield wurde koene. Mooglik hat de legionellabaktearje sa de kâns krigen.