Nije kliïnten by Friese Land

Friese Land nimt wer kliïnten oan
Het_Friese_Land heft per direkt de kliïntestop op. Woansdei hat de thússoarchorganisaasje berjocht krigen fan it soarchkantoar dat der dochs 900.000 euro beskikber komt. Sadwaande kin Het Friese Land fuortdalik nije kliïnten oannimme.
Tiisdei brocht de ynstelling noch nei bûten dat de stop yn stân bleau, om't der gjin ekstra jild beskikber komme soe. Het Friese Land hat in miljoenetekoart.