Tekoart by plysje kostet banen

Tekoart by plysje sil banen kostje
It tekoart by de plysje Fryslân kostet goed 110 banen. Dat seit Van_der_Zaag. As plakferfangend korpsbehearder wie er ferantwurdlik foar de finânsjes fan it regionaal kolleezje fan de plysje.
Hy is bot skrokken fan it tekoart fan goed 69 miljoen euro. Dat is ûntstien trochdat nijbou fan plysjeburo's heger útfalt as begrutte. Neffens Van der Zaag is in pear jier lyn ôfpraat dat de kosten strang yn de gaten hâlden wurde soene. In ûnôfhinklik ûndersyk moat útwize wêr't dat ferkeard rûn is.