Gemeente helpt Caparis

De gemeente Ljouwert wol 1.3 miljoen euro meibetelje oan it plan om wurkfoarsjenning Caparis wer finansjeel sûn te meitsjen.
Caparis hat jierrenlang te krijen hân mei tekoarten. Mei elkoar giet it om in bedrach fan 5.3 miljoen euro. Om dit bedrach fuort te wurkjen wurde alle acht Fryske gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis frege om in bydrage.