Ynbraak wylst bewenners sliepe

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in wenhûs oan de Wassenberghstrjitte op 'e Lemmer binne yn de nacht fan moandei op tiisdei in grut tal saken meinommen. De dieven binne troch in rút it hûs ynkaam wylst de bewenners leine te sliepen.
De oare deis misten se in mobile telefoan, in radio-cd-spiler, in digitale kamera en in navigaasjesysteem.