AC Milan sliept yn Lauswolt

Ferneamde gasten foar Lauswolt
De seleksje fan fuotbalklub AC Milan oernachtet yn Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach foar de wedstriid tsjin Sportklub Hearrenfean. De folsleine seleksje mei in soad begelieders komt woansdei 22 oktober oan om dêrnei op tongersdei de wedstriid te spyljen yn it Abe Lenstra Stadion.
By Lauswolt komt ekstra befeiliging, omdat se gjin attraksjepark meitsje wolle fan Lauswolt en dus net wolle dat minsken komme om de stjerspilers te sjen.