Koartingsregeling op ynternet

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân hat in spesjale ynternetside iepene foar de koartingsregeling fan learlingen fan 16 en 17 jier foar it iepenbier ferfier. Op www.ovscholierenkorting.nl kinne de jongeren en har âlden sjen oft se yn oanmerking komme foar in bydrage fan 12,5 prosint fan de abonnemintskosten.
Dejinge dy't oanfreget moat mear as 14 kilometer fan skoalle wenje. Koartlyn is hjir troch de provinsje Fryslân ien miljoen euro foar beskikber steld.