Brân Plaatbewurking St Jabik

Skea by Meijer Plaatbewurking
Yn in fabrykshal fan Meijer Plaatbewurking yn St Jabik is tiisdei brân útbrutsen. De brân is begûn yn in ôfsûchynstallaasje yn de lasromte. Meiwurkers fan it bedriuw koene de brân ûnder kontrôle hâlde oant de brânwacht fan Sint Anne kaam. It fjoer wie dêrnei gau út.
Trochdat der in protte reek frijkaam, koene 50 fan de 200 meiwurkers oardel oere net wurkje. Neffens direkteur Albert Meijer kinne alle opdrachten dochs gewoan útfierd wurde.