Webzorg behannelt fia ynternet

© Omrop Fryslân
Minsken mei eangst- of panykklachten kinne dêr fan tiisdei ôf fia ynternet foar behannele wurde. Webzorg, fan Verslavingszorg Noord Nederland, begjint dan mei in ynternetbehanneling foar eangstklachten. It is de tredde ynternetbehanneling fan Webzorg.
Minsken mei depresjes of in alkoholprobleem kinne sûnt dit foarjier al terjochte by Webzorg. Ynkoarten begjint it ek mei behannelings foar minsken mei burnout-klachten en in wietferslavings.