Prizen setters net oeral goed

Jirpelhannel HZPC fan De Jouwer ferwachtet dit jier goeie opbringsten fan de setjirpels. De risping yn Fryslân lit twa gesichten sjen. Op perselen yn Noardwest-Fryslân komme der genôch en kwalitatyf goeie setters fan it lân. Yn Noardeast-Fryslân liket it minder.
De droechte yn juny, doe't de jirpels de grûn yn gongen, is dêr de oarsaak fan. It westlike part fan de provinsje krige doe wol wat wetter, it easten lykwols net.