Gjin fúzje De Friesland

De Friesland bliuwt selsstannich...
Soarchfersekerder De Friesland sil foarearst net fusearje mei in oare, grutte soarchoanbieder. It ôfrûne jier ha der wol ferkennende petearen west oer in mooglike gearwurking. De Friesland die dat om mear finansjele wissichheid te krijen.
Mienskiplike soarchynkeap moat no foar winst soargje. Ek wurdt tocht oan it oanbieden fan nije tsjinsten, lykas fakânsjes foar sike minsken.