Oefening mei bommen op Flylân

De Flyhors op Flylân. bron:google earth
Nederlânske F16's oefenje oer twa wiken it droppen fan eksplosive bommen op Flylân. Op tiisdei 28 oktober litte de fleantugen twa 500-ponders falle op oefenterrein Flyhors Range op it eilân. It publyk kin net op it oefenterrein komme salang't de oefening duorret.
Dy dei steane der warskôgingsbuorden lâns de râne fan it terrein en wurde der reade flaggen delset. Mocht it min waar wêze, dan wurdt de oefening in dei opskood.