Jouster brânwacht selsstannich

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Skarsterlân wurdt foarearst net ûnderbrocht yn ien mienskiplike regeling mei de brânwachten fan Boarnsterhim, Hearrenfean en Lemsterlân. Dat is it gefolch fan in beslút fan boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân. Dy fine dat de mienskiplike regeling Skarsterlân tefolle jild kostet.
Ek wurdt der provinsjaal wurke oan ien organisaasje foar de bestriding fan rampen. Skarsterlân wol dy provinsjale organisaasje ôfwachtsje.